Mooglik dochs ryksjild foar slûzen Ofslútdyk

De Lorentzslûs © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Der komt mooglik dochs jild fan it ryk foar de ferbreding fan de slûzen yn de Ofslúdyk by Koarnwertersân. Dat seit minister Melanie Schultz van Haegen fan ynfrastruktuer en miljeu. De ferbreding fan de slûzen is nedich sadat ek grutte skippen der trochhinne kinne. Dêrtroch kinne havens oan de Iselmar fierder groeie.
Oant no ta woe Schultz dat de provinsjes sels opdraaie foar de kosten. Tongersdei sei se lykwols yn de Twadde Keamer dat der eventueel jild fan it ryk beskikber komt as de provinsjes der sels net út komme.
De Twadde Keamer beslist fan 't hjerst oer in mooglike bydrage.