"Wynmûnen fan 350 meter kinne effisjinter enerzjy opwekke"

16 jun 2016 - 13:53

Hegere wynmûnen oant 300 meter op it lân en oant 350 meter op see kinne in bydrage leverje oan it heljen fan de doelstellingen fan it klimaatakkoart fan Parys. Dat seit de Nederlandse Wind Energie Associatie, de NWEA, yn in takomstfyzje op wynmûnen.

Dat de mûnen der ek komme is hielendal noch net wis, seit Hans Timmer, foarsitter fan de NWEA. De eventuele bou hinget ôf fan de besluten dy't de oerheden hjiroer nimme. Sy kinne ek kieze foar oare enerzjyboarnen sa as bygelyks sinne, ierdwaarmte en biogas.

Effisjinter

De hege wynmûnen hawwe as foardiel dat se folle effisjinter enerzjy opwekke as de mûnen fan no dy't oant 200 meter hichte rikke. Heger yn de loft sit mear wyn en dat soarget foar in effisjintere opwekking fan enerzjy, sa seit Timmer. De NWEA is de bransj-organisaasje fan bedriuwen út de wynenerzjysektor.

Trefwurden: 
wynmûnen NWEA Hans Timmer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)