Kontraktferlinging Martijn Barto by SC Cambuur

16 jun 2016 - 10:29

It kontrakt fan Martijn Barto by SC Cambuur is ferlinge. De 31-jierrige spits bliuwt yn alle gefallen ien seizoen langer by de Ljouwerter Jupiler League-klup, mei in opsje foar noch in seizoen. It wurdt it sechsde seizoen op rige foar Barto by Cambuur. Hy hie yn maaie yn it programma Bynt al oanjûn dat er graach yn Ljouwert bliuwe wol.

Barto kaam yn 2011 oer fan Harkemase Boys. Hy hat sûnt dy tiid 35 kear skoard, wêrmei't er yn de top 20 fan all-time topscorers fan de Ljouwerters stiet.

"Jongen van de club"

Technysk direkteur Henry van der Vegt oer Martijn Barto. “Martijn is inmiddels echt een jongen van de club en met zijn ervaring is hij zeer belangrijk voor de groep. Bovendien is hij een speler die op meerdere aanvallende posities uit de voeten kan en altijd alles geeft. Daarmee is hij een voorbeeld voor de rest.”

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)