Kollum: "Fryske boeken? It glês is healfol"

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.
"Alarmearjende berjochten oer it Frysk. De taal soe yn de skreaune foarm ta weismiten keard wêze. Tsja. Wa sizze dat? Wittenskipper Han van der Velde (what's in a name, der is ien mei deselde achternamme dy’t him yn de kiste omdraaie soe as er ditsoarte útspraken hearre koe). De minsken dy’t soks sizze, binne dat de lju dy’t der wat oan besykje te dwaan, of binne it de minsken dy’t allinnich mar miene te konstatearjen en der dan yn de media in soad opskuor mei generearje? It glês is by sokken yn elts gefal hast altyd healleech.
De jeugd appt yn it Frysk dat it sta seit. Dat it fonetysk Frysk is, docht de puristen dan blykber sa’n pine dat se de handoek mar de ring goaie wolle. En de FNP makket ek al in draai. It is wat.
No, ik ha dochs wat in oare miening. De Fryske boeken binne der wol, mar se komme net by de klanten. Dêr sit in grut part fan it probleem. De pear boekhannels dy’t der noch oer binne, ha earne op in efterôf plankje noch wat guod fan Rink stean, wachtsjend op dy iene keaper dy’t dêr fansels net foar komme sil.
Romrofte boekhannel Van der Velde hat hjir yn Drachten de Fryske oftewol regionale planke al nei boppen en dus noch mear út it sicht transportearre. En mar eamelje dat it sa min giet. Ik hearde fan ien út it Drachtster middenstân fermidden, ien dy’t it witte kin, dat as de omset net grutter wurdt, Van der Velde de lokaasje op it Raadhuisplein oer in pear jier slute wolle. Nochris tsja...
Boeken ferkeapje is net foar eltsenien weilein. En al hielendal net foar personiel dat fuortdûkt as der in klant yn komt. Dan dogge je echt eat net goed, achte boekhannel Van der Velde te Drachten. "U moet u er wel even wat bijgeven", sa stiet grif noch yn ien fan dy Rink boeken te lêzen. Helje se mar nei ûnderen, dan kinne jim se yn de stille oerkes wol lêze en sa útfine dat der peareltsjes tusken sitte.
Myn stelling is dat it skreaune Frysk net by de klanten komt omdat it net sichtber is. De kranten miene dat de minsken it net mear lêze kinne en dus kieze se de maklikste wei en kalkje, kopiearje plak en knip de deistige Hepkema’s mar fol yn it Hooghaarlemmerdijks. En dan nei in pear jier sizze dat it achterút giet mei ‘Het Fries’, dat, nei nije moade hast altyd tusken skrapkes stiet, want ja, it is wol wat konfrontearjend om dy pear minsken dy’t de krante noch lêze mei de twadde rykstaal yn oanrekking komme te litten. It hat njonken in mispleatste reklameslogan net folle mear mei ús taal te krijen, dat krantelânskip. Wolle de minsken dan gjin Frysk mear lêze? Jawis wol.
Mei it risiko dat ik daliks foar in folslein âlderwetske romantikus útmakke wurde sil, wol ik jim even meinimme nei septimber 2014. Dat is twa jier lyn, dus sa wreed giet dat no ek wer net. In stel cowboys en cowgirls mei as thúsbasis Bitgum, allegearre Frysk praters, ferkochten doe yn ien moanne foar mear as €30.000 oan skreaune Fryske boeken. Mei help fan frijwilligers dy’t in kwart fan dy omset op harren rekken krigen ha, en der leuke dingen mei dwaan koenen.
Ja, ik ha it oer de sutelaksje fan Stifting Tsjil. En ik ha nijs. Jannewietske de Vries, dy’t doe deputearre wie en har opfolger Sietske Poepjes, seagen it belang fan dy ferkeap. Yn tige goed oerlis mei de amtners fan de provinsje Fryslân is besletten dat dy sutelaksje der wer komme moat. Partijen dy’t der al binne wurkje dit jier gear en de earste doarpen ha al tasein dat se meidwaan wolle. 24 juny is de ôftraap yn Warten/Wergea.
By dizze nûgje ik wittenskipper Han van der Velde en it personiel fan boekhannel Van der Velde út om by dat barren oanwêzich te wêzen en de hân oan de kroade te slaan. Meitsje wy der in moaie happening fan. Mei de glêzen healfol."