Hoefdraad bliuwt by Cambuur, Velame nije trainer A1

15 jun 2016 - 20:33

Fuotballer Jergé Hoefdraad (29) spilet it kommend seizoen ek noch foar SC Cambuur. De oanfaller hat syn kontrakt mei ien jier ferlinge. Hoefdraad kaam ferline jier fan fuotbalklup Almere City FC nei Cambuur, mar kaam it earste healjier net yn aksje. Hy hie in blessuere oan de haksine.

Technysk direkteur Henry van der Vegt fan Cambuur is bliid dat Hoefdraad der it kommend seizoen wer by is. "Jergé heeft weinig geluk gehad afgelopen seizoen, maar heeft op het eind wel aan iedereen laten zien

Ald-profspiler Hugo Alves Velame wurdt it kommend seizoen de haadtrainer fan Jong Cambuur. Hy hat ek in kontrakt fan ien jier krigen. Alves Velame is benammen bekend as middenfjilder by FC Grins. Dêr hat er ek jeugdtrainer west by ferskate teams. It ôfrûne seizoen hat er op staazje west by klups yn Brazilië en de Amearika.

SC Cambuur is noch hieltyd op syk nei in trainer foar it earste alvetal. Marcel Keizer is oerstapt nei de jeugd fan Ajax. Fred Grim wie yn byld om him op te folgjen, mar dat woe de KNVB net lije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)