Ynwenner fan Nes (73) thús oerfallen, mishannele en fêstbûn

De 73-jierrige man dy't woansdei ferwûne fûn waard by in wente yn Nes (by Akkrum) is oerfallen. Dat hat de plysje bekend makke. Buertbewenners seagen de man foar syn hûs oan de Strikel, wylst er fêstbûn wie. It slachtoffer wie swier mishannele. Hy is mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.
It ûndersyk is yn folle gong. De plysje is op syk nei twa mânske manlju mei in East-Europeesk uterlik. Se ride mooglik yn in sulverkleurige VW Golf. De plysje wol ek graach prate mei minsken dy't de ôfrûne dagen guod fan it slachtoffer kocht hawwe.