Ek sinnepanielen op swimbad De Welle yn Drachten

15 jun 2016 - 16:34

Net allinnich op skouboarch De Lawei yn Drachten, mar ek op it swimbad De Welle komme hûnderten sinnepanielen. Dat hat de gemeente Smellingerlân woansdei bekend makke. Op it dak komme hast 900 panielen, op de grûn nochris goed 300.

Der binne plannen foar in nij swimbad yn Drachten, mar dat sil net foar 2020 wêze. Dêrom is socht nei nije metoaden om it swimbad yn de besteande situaasje sa duorsum mooglik te meitsjen. De opstelling mei de sinnepanielen is fleksibel. Se kinne yn de takomst in plak krije op in eventueel nij swimbad.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)