Earste peal slein fan nijbouwykje flakby sintrum De Jouwer

15 jun 2016 - 15:43

Op de Jouwer is woansdeitemiddei om trije oere de earste peal slein fan it nijbouprojekt Mooi Joure. Dêr komme santjin nije huzen yn jierren '30-styl. De ferkeap fan de huzen is fjouwer moannen lyn begûn. Se wiene allegearre al gau ferkocht. Dêrom is de bou in pear moanne earder begûn as tocht.

Mooi Joure leit yn de wyk Blaauwhof, flakby it sintrum fan de Jouwer. It bouplak is troch oannimmersbedriuw J. de Jong klearmakke.

Trefwurden: 
nijbou De Jouwer Mooi Joure
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)