Ferwûne man by wente Nes (Akkrum), mooglik oerfal

Yn Nes by Akkrum hat woansdeitemiddei om trije oere hinne nei alle gedachten in oerfal op in wente west. In man waard ferwûne oantroffen by de wente oan de Strikel troch in foarbygonger. De man sei dat er oerfallen wie.
De plysje seach fuortendaliks dat de man gau medyske help nedich hie. Hy is yn sân hasten mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De plysje siket om de dieder of dieders, mar in sinjalemint is der noch net. Fierders is de plysje dwaande mei in buertûndersyk en in spoare-ûndersyk.
Yntusken is der in sinjalemint fan de dieders ferspraat op boargernet. It soe gean om twa mânske manlju mei in East-Europeesk uterlik. Ien fan harren is mooglik ferwûne oan syn gesicht. Se ride mooglik yn in sulverkleurige VW Golf.