Hiele middei treinsteuring tusken Ljouwert en Grins

15 jun 2016 - 18:01

Tusken Bûtenpost en Súdhorn hawwe woansdei de hielde middei gjin treinen riden. Neffens in wurdfierder fan ferfiersbedriuw Arriva komt dat troch in stroomsteuring. Dêrtroch dogge de seinen it net. De ekstra reistiid is mear as in oere. Der komme berjochten dat de oarsaak fan de steuring in bliksemynslach is.

De ferwachting wie dat de steuring om fjouwer oere woansdeitemiddei wer foarby wêze soe, mar de steuring hat oant healwei sânen duorre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)