Jack Kooistra krijt Sulveren Anjer opspjelde yn Amsterdam

Ljouwerter Jack Kooistra hat woansdeitemoarn yn it Keninklik Paleis yn Amsterdam de Sulveren Anjer opspjelde krigen troch prinses Beatrix. Kooistra krijt de ûnderskieding foar syn wurk as skriuwer oer de Twadde Wrâldoarloch en syn fûleindige striid om oarlochsmisdiedigers op te spoaren en foar de rjochter te bringen.
De Sulveren Anjer wurdt sûnt 1950 útrikt troch it Prins Bernhard Cultuurfonds en takend oan persoanen dy't harren frijwillich ynsette foar de kultuer of natuer yn ús lân.
Oant 2004 rikte prins Bernhard de ûnderskiedingen út. Dêrnei hat prinses Beatrix dy taak oernommen. ''Ik bin net gau fan de kaart, mar doe't ik dy anjer opspjelde krige, rekke ik dochs wat emosjoneel'', sa sei Kooistra nei de útrikking.
Ut it rapport fan it Prins Bernard Cultuurfonds: "Het onderzoek van Jack Kooistra naar slachtoffers uit de Tweede Wereldoorlog heeft geresulteerd in een grootschalig archief en omvangrijke boekpublicaties. Ook vormt het de basis van enkele oorlogsmonumenten. Daarnaast heeft zijn research geleid tot het opsporen en veroordelen van oorlogsmisdadigers. Zijn verrichtingen als geschiedschrijver hebben slachtoffers uit de anonimiteit gehaald en in ons geheugen verankerd."