Drachten moat oantrekliker wurde foar wettertoeristen

15 jun 2016 - 11:01

Smellingerlân hat in plan makke om Drachten oantrekliker te meitsjen foar wettertoeristen. Dêrby is it Buitenstvallaat, mei de jachthaven, âlde skipswerf en slûs, yn byld om it nije wetterfront te foarmjen. Dit moat it fisitekaartsje fan it wetter ôf wurde. Fierder tinkt de gemeente dat it Slingepark de ferbining tusken dit nije wetterfront en it Drachtster sintrum foarmje kin. Ek wurdt opnij sjoen nei fyts- en farrûtes rjochting it sintrum.

Fan freed ôf kin elkenien de plannen ynsjen en der op reagearje. Dêrnei makket de gemeente in definityf ûntwerp. Smellingerlân stelt út de ynvestearringsaginda fjouwer miljoen euro beskikber foar de oanpak fan it wetterfront.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)