Trije manlju oppakt foar drugshannel yn Noardeast-Fryslân

15 jun 2016 - 10:17

Twa ynwenners fan 25 en 36 jier út Twizelerheide en in 39-jierrige man út Kollumersweach binne oppakt yn ferbân mei de hannel yn harddrugs. De plysje pakte it trio tiisdei op. Der rint al langer in ûndersyk nei drugshannel yn Noardeast-Fryslân.

Ferskate ynwenners fan Twizelerheide en omjouwing hawwe de ôfrûne tiid klage oer oerlêst troch drugs. It ûndersyk fan de plysje hat no laat ta dizze arrestaasjes. Yn de wenningen fan de fertochten fûn de plysje ek drugs. Dy binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
harddrugs plysje drugshannel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)