Strjitferljochting wol wer út, steuring oplost

15 jun 2016 - 09:55

De steuring yn de strjitferljochting is as it goed is, wer oplost. Netbehearder Liander seit sels in tuskenoplossing fûn te hawwen. De ôfrûne twa dagen koenen de ljochten fan de lantearnepeallen net mear selsstannich oan en út. Der wie in skeakelprobleem. Liander hie dêrom oeral de ferljochting oan setten, fanwegen de feilichheid nachts. It probleem spile yn de hiele provinsje, útsein Ljouwert. 

Der wienen meardere stasjons dêr't it sinjaal in steuring hie. In part fan dizze stasjons is reparearre, seit Liander. Foar it oare part wurdt it sinjaal fan oare, goedwurkjende, stasjons út ferstjoerd. Wat de steuring feroarsake hat, is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)