Caparis dochs yn heger berop tsjin Tjerk Sinnema

15 jun 2016 - 09:52

Sosjale wurkfoarsjenning Caparis giet dochs yn heger berop tsjin direkteur Tjerk Sinnema. Dy hat trije saken wûn tsjin de sosjale wurkfoarsjenning. De direkteur wie yn maart skorst omdat de nije direkteur Ben Gerrits ûnregelmjittichheden fûn hawwe soe by de oanstelling fan Sinnema. Twa rjochters hawwe harren oer trije saken bûgd en en alle gefallen Caparis yn it ûngelyk steld.

Sinnema is moandei wer oan it wurk gien. Direkteur Gerrits sei ferline wike noch dat Caparis gefolch jaan soe oan de útspraak fan de rjochter en posityf yn it ferhaal stie. Fiif dagen letter is dochs bepaald om heger berop oan te tekenjen.

Net op 'e hichte

De oandielhâlders binne net op 'e hichte steld troch de direksje. Wurdfierder Sjoerd Feitsma seit dat er wist dat se in heger berop yn oerwaging hiene, mar wist woansdeitemoarn noch net dat it trochset wie. Hy sil om opheldering freegje by de direksje oer de kar.

Oare direkteur

Woansdei spilet ek de rjochtsaak fan Caparis tsjin Klaas Weissenbach, de oare direkteur dy't ek yn maart skorst wie fanwege deselde ûnregelmjittichheden as Sinnema.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)