Nij polofjild yn Riis moat de sport in boost jaan

Yn Riis wurdt woansdei offisjeel begûn mei de oanlis fan in polofjild. Foar it wykein fan 10 en 11 septimber moatte de wurksumheden klear wêze. Op dizze twa dagen wurdt de Frisian Polo Trophy yn Riis organisearre. Foar it earst wurde der dan troch Nederlânske teams yn Noard-Nederlân offisjele polowedstriden spile. Polo Riis, eigner fan de nije baan, wol yn de takomst faker nasjonale en ynternasjonale wedstriden.
In polofjild is 274 meter lang en 183 meter breed.