Troelstrawei yn Grou wurdt foar heal miljoen euro opknapt

14 jun 2016 - 19:14

De gemeente Ljouwert lûkt hast in heal miljoen euro út foar de in grutte opknapbeurt fan it súdlike part fan de Meester P.J. Troelstrawei yn Grou. It wurk sil yn de twadde helte fan dit jier dien wurde.

It asfalt fan de wei is hiel min en moat ferfongen wurde. Dat wurdt kombinearre mei it fernijen fan de fundearring en de beplanting. De strjitte wurdt 80 sintimeter smeller en op guon plakken wurde de parkearplakken oars yndield. Ek de krusings wurde aanst dúdliker sichtber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)