Donoaren Sanquin yn it sintsje set op wrâldbloeddonordei

14 jun 2016 - 18:28

Minsken dy't bloed jouwe by bloedbank Sanquin, binne tiisdei yn it sintsje set. De bloedbank wol de donoaren nammentlik betankje, omdat it wrâldbloeddonordei is. By de bloedbank yn Ljouwert krigen besikers sûkelade en in spjeldsje. Boppedat hongen der flachjes en ballonnen.

Sawat 25 donoaren út Fryslân hawwe tiisdei nei Amsterdam west. Dêr stie de offisjele iepening fan de wrâlddonordei op it programma. Kening Willem-Alexander joech dêrfoar tiisdei it startskot.

Yn Fryslân binne tsien plakken dêr't minsken bloed jaan kinne. Der is noch hieltyd ferlet fan bloeddonoaren, seit teamlieder Annie de Jong fan de bloedbank yn Ljouwert.

Trefwurden: 
bloed donor Sanquin bloedbank
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)