Autobestjoerders op de bon foar te hurd riden op N31

14 jun 2016 - 16:42

De plysje hat de ôfrûne wiken 42 minsken op de bon slingere, omdat se te hurd rieden op de N31. Dêr waard ekstra kontrolearre, omdat der geregeld te hurd riden wurdt. De N31 is in autodyk. Dêr is 100 kilometer yn de oere it maksimum.

Fan de minsken dy't te hurd rieden, moasten trije it rydbewiis ynleverje. Seis oare bestjoerders krigen in bon omdat se sieten te beljen achter it stjoer of omdat se de riem net om hiene.

Trefwurden: 
N31 hurdride
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)