Auto rekket bus yn flauwe bocht yn Drachten
Op it Noarderein yn Drachten hat tiisdeitemoarn in oanriding west tusken in bus fan Qbuzz en in persoane-auto. De twa rekken inoar yn de flauwe bocht flakby it ferkearsedukaasjesintrum. De persoane-auto hie grutte skea, mar gjinien rekke ferwûne by de oanriding.
In berger hat de auto fuortsleept.