Uiterton op Flylân makket plak foar nije soarchbuert

14 jun 2016 - 16:20

Flylân kriget op it plak fan soarchsintrum Uiterton in soarchbuert. Ferline jier hat de gemeente besletten om it ferâldere gebou fan de Uiterton ôf te brekken. Tegearre mei de KwadrantGroep is in plan makke foar wat dêrfoar weromkomme moat. Dat is in nije soarchbuert wurden mei 28 wenten dy't benammen geskikt binne foar âlderein, en acht plakken foar minsken dy't yntinsivere soarch nedich binne. Der komme ek in stipepunt foar thússoarch, wykferpleging en wolwêzen foar it hiele eilân, gemeentlike foarsjennings en romtes foar de ferhier.

De gemeente hat it plan yn febrewaris besprutsen mei in fertsjintwurdiging fan de eilânbewenners. Op 27 juny komt it plan oan de oarder yn de gemeenteried. As de ried posityf beslút, wurdt der in gearwurkingsoerienkomst sletten tusken de gemeente en de soarchynstelling KwadrantGroep.

Eksploitaasje
De plannen moatte noch fierder útwurke wurde. Der binne meardere partijen nedich om te kommen ta in slutende eksploitaasje. Dêrfoar wurde de kommende tiid petearen fierd mei de ryksoerheid, it soarchkantoar, de Provinsje Fryslân en it Waadfûns.

Trefwurden: 
Uiterton Flylân soarch
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)