Donorlever socht foar slim sike lytse poppe Sophie

14 jun 2016 - 15:25

De famylje Badal yn Ljouwert siket in donorlever foar harren slim sike lytse poppe Sophie. It famke hat in seldsume leverôfwiking en se moat sa gau mooglik in donorlever hawwe. De heit en de mem kinne it sels net dwaan. Dêrom binne se ôfhinklik fan oare minsken.

Sûne minsken mei bloedgroep O kinne in stikje fan harren eigen lever donearje. Dat wurdt yn it lichemke fan it famke transplantearre. Dêr groeit it oan ta in sûne lever. Minsken kinne harren melde op www.donorvoorsophie.wordpress.com.

De takomst is ûnwis foar de jonge húshâlding yn de Ljouwerter nijbouwyk Techum. Ek al omdat de mem har baan kwytrekke is troch alle tastannen en de heit as wurksykjende yn dizze situaasje net maklik oan in baan komt. Se sille dochs geregeld nei it UMC yn Grins moatte.

Wachtlisten kinne foarkommen wurde troch it donorkodisyl te feroarjen. Mar in foarstel dêrfoar sneuvele ferline wike yn de Twadde Keamer. It is dizze wike de kollektewike foar de hert-, lever- en termstichting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)