Bou fan nij asylsikerssintrum yn Snits is úteinset

14 jun 2016 - 13:37

Yn Snits binne de earste heipeallen de grûn yngien foar it nije azc yn de wyk Noorderhoek. It asylsikerssintrum moat plak biede oan 600 minsken en komt der foar op syn minst fiif jier te stean. It sintrum is nei ferwachting nei de simmer klear.

Yn Fryslân wurdt op it stuit wurke oan de bou of útwreiding fan asylsikerssintra. Dat smyt aanst mei-inoar in lytse 4.000 plakken op om flechtlingen op te fangen.

Trefwurden: 
flechtlingen AZC Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)