Populêre staplokaasjes: Club 1841 en Feestkafee Shooters

© Omrop Fryslân
Club 1841 yn Snits en Feestkafee Shooters yn Ljouwert binne de meast populêre staplokaasjes fan Noard-Nederlân. Sy krigen dêrfoar in Nightlife Award. Dizze prizen binne bedoeld as wurdearring foar de ûndernimmers en harren personiel. De awards wurde útrikt op basis fan stimmen op Facebook, in sjueryrapport en in besite fan in mystery guest.
Lanlik foel Fryslân dit jier net yn de prizen. Ferline jier waard Club Red út Ljouwert noch útroppen ta meast populêre klup fan Nederlân.