CU Kollumerlân: Ferlet fan keapsnein ûndersykje

© ANP
De ChristenUnie yn Kollumerlân wol ûndersykje oft der wol ferlet is fan in diskusje oer de keapsnein. De partij wol dêrom in peiling hâlde op social media oer dit ûnderwerp. Koartlyn makke it kolleezje fan boargemaster en wethâlders bekend dat se de gemeenteried trije farianten foarlizze wolle: alles iepen op snein, allinnich de supermerken iepen op snein of alles ticht.
De partij tinkt lykwols dat dy diskusje gjin doel hat en ferwiist ek nei de omlizzende gemeenten De Marne, Zuidhorn en Dantumadiel. Dêr stiet it ûnderwerp ek net op de aginda. Njonken in peiling hat de ChristenUnie ek al in aksjepagina op Facebook oanmakke, dêr't ûndernimmers in aksjeposter downloade kinne.