Bisdom hâldt kollekte foar Sint Clemenstsjerke op It Amelân

Weropbou ôfbaarnde Clemenstsjerke It Amelân © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It bisdom Grins-Ljouwert hâldt dit wykein yn alle tsjerken in kollekte foar de Sint Clementstsjerke op It Amelân. Mear as trije jier lyn baarnde de tsjerke hielendal ôf, mar no is de tsjerke hast hielendal opnij boud. De toer is yn maart pleatst, der binne nije glês-yn-load ruten makke en fjirtjin swier skansearre krúsweistaasjes wurde restaurearre. De parochy hat noch in tekoart fan 100.000 euro om de ferbouwing klear te krijen. It bisdom hâldt dêrom dit wykein de kollekte foar de Sint Clementstsjerke.
It ynsammele jild wurdt brûkt foar in nije altertafel en sprekstoel. De ferwachting is dat It Amelân de tsjerke yn de rin fan takom jier wer yn gebrûk nimme kin.