Konseptprogramma fan earedifyzje en Jupiler League bekend

SC Hearrenfean start de earedifyzje op snein 7 augustus mei in útwedstriid tsjin AZ yn Alkmaar. Dat docht bliken út it konseptprogramma fan de KNVB. Yn de Jupiler League moat SC Cambuur op freed 5 augustus nei VVV Venlo. It programma is noch net definityf.
Dat hat ûnder oaren te krijen mei it feit dat der noch ûndúdlikheid is oer FC Twente. Dy hat noch beswier oantekene tsjin de twongen degradaasje nei de Jupiler League. Dêrtroch is ek noch net wis oft De Graafschap yn de earedifyzje bliuwe mei. De KNVB hat dêrom FC Twente en De Graafschap no allebeide yn sawol de earedifyzje as de Jupiler League yndield.