Noorderbreedte is bliid mei skraste besunigings soarch

14 jun 2016 - 07:19

Soarchorganisaasje Noorderbreedte út Ljouwert is bliid dat de besunigings op hendikepte- en âldereinsoarch net trochgeane. Moandei waard bekend dat it kabinet fan VVD en PvdA in akkoart sletten hawwe oer de begrutting fan 2017. Der is 1,2 miljard ekstra beskikber en de PvdA brûkt in part dêrfan om de besunigings yn de soarch te skrassen.

Dat komt foar direkteur-bestjoerder Jos Bleijenberg fan Noorderbreedte net hielendal as in ferrassing. "We zitten een jaar voor de verkiezingen. Ik had niet verwacht dat ze dan een dergelijke bezuiniging doorzetten." Noorderbreedte hie dan ek noch gjin tariedings dien foar ekstra besunigings binnen de organisaasje. Dochs kin de flagge net hielendal út. "Het is niet zo dat er extra geld komt, het is alleen zo dat er geen extra geld afgaat", seit Bleijenberg.

Wêr't de PvdA de meifaller brûkt foar de soarch, kiest de VVD om it ekstra jild yn feiligens te stekken: der giet kommend jier mear jild nei plysje, justysje en definsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)