Streekferhalen moatte toeristen nei Bûtenfjild helje

13 jun 2016 - 22:18

Streekferhalen binne it ideale ynstrumint om it Bûtenfjild op de kaart te setten by toeristen. Dat is ien fan de útkomsten út in ûndersyk nei de kânsen fan it natuergebiet tusken Gytsjerk en Feanwâlden.

Op dit stuit wurdt der wurke oan in rûte foar boaten dy't elektrysk farre. Dy is ûnderdiel fan in nije ferbining tusken de Grutte Wielen by Ljouwert en de rivier De Swemmer. De rûte sil yn 'e maitiid fan takom jier iepene wurde.

It ûndersyk oer it Bûtenfjild is útfierd troch it bureau Pilat Advies, yn opdracht fan de gemeenten Dantumadiel en Tytsjerksteradiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)