Boarterstún yn Feanwâlden kriget fitness-apparaten

(fotofoarbyld) © ANP
De jildaksje foar de boarterstún yn Feanwâlden hat 13.600 euro opsmiten. Mei dat bedrach is goed 90 prosint fan it bedrach binnen dat nedich is foar nije tastellen yn de boarterstún. De rest fan it bedrach komt fan ûndernimmingen dy't ek bydrage wolle oan de boarterstún.
Fan it jild wurde fitness-tastellen kocht. Dy binne bedoeld foar jong en âld. De boarterstún kin dêrmei in mear sintrale rol krije yn it doarp.