FIDEO: Nynke Laverman en Belgyske strjitartysten op Oerol

13 jun 2016 - 18:34

Nynke Laverman hat freed in nije cd útbrocht. Se stiet no op it Oerolfestival mei de foarstelling 'Wachter', mei muzyk fan de cd. Tegearre mei har man, multy-ynstrumintalist Sytze Pruiksma bringt se yn de tsjerke fan Midslân in twatalige foarstelling, Frysk en Nederlânsk.

De jonge Belgyske strjitartysten Ruben Mardulier en Camille Paycha bringe in foarstelling dy't ynspirearre is op it skilderij de Tún fan Eden fan Jeroen Bosch. Se dogge oan akrobatyk en dûns.

Yn Bynt fan 'e wike in soad omtinken foar it Oerolfestival.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)