Reedriders traine op simmeriis yn Ljouwerter Alvestêdehal

13 jun 2016 - 13:40

Yn de Alvestêdehal yn Ljouwert binne de Nederlânske reedrydtoppers moandeitemoarn foar it earst wer begûn mei trainingen op it iis. Oars dienen se dat op it simmeriis yn Thialf, mar dy hal kin yn ferbân mei de grutte ferbouwing net brûkt wurde. Reedrydster Anice Das fan It Hearrenfean wie moandeitemoarn de earste dy't it iis útprobearre.  Letter folgen ek de riders fan it Team Plantina. Sy sprekke allegear fan goede omstannichheden.

De riders binne bliid dat Ljouwert yn it gat sprongen is dat Thialf fallen liet. Oars hiene sy bygelyks nei Enschede moatten om te trainen. It meitsjen fan it iis yn Ljouwert is twa wiken lyn begûn. Neffens iismaster Meindert Timmerman is de Ljouwerter iishal sa goed isolearre, dat it ek by in bûtentemperatuer fan 20 graden gjin probleem is om in goede iisflier te meitsjen.

Rekreanten

It simmeriis yn Ljouwert is earst allinnich foar de toppers, mar fan 1 july ôf kinne ek rekreanten dêr terjochte. Dat moat it simmeriis rendabeler meitsje, want it simmeriis kostet hast 10.000 euro yn de wike. De iisflier yn Ljouwert bliuwt lizzen oant maart takom jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)