''Gjin simpele oplossing foar predaasje fan skriezen''
De Fryske Miljeu Federaasje warskôget foar 'panykfuotbal' no't bliken docht dat it tal skriezen dat opfretten wurdt troch rôfbisten, opnij tige grut is. Der moatte gjin te hastige beslissingen naam wurde, seit direkteur Hans van der Werf. It probleem fan predaasje is sa yngewikkeld, dat der net ien simpele oplossing is.
Boeren en greidefûgelbeskermers liede de needklok oer de skries en wolle aksje tsjin rôffûgels en marters. Sa tinkt Henk Oud oan it trochprikken fan rôffûgelaaien. Oud is behearsregisseur greidefûgels yn de omkriten fan Oentsjerk. It lek prippen fan aaien is ûnakseptabel foar de Fryske Miljeu Federaasje.