Fiskersbûn: ''Beheining garnalefiskers koe net langer''

De beheining fan trije dagen yn de wike fiskje op garnalen hat twa wiken duorre en dat koe ek net langer. Dat seit foarsitter Johan Nooitgedacht fan it Nederlânsk Fiskersbûn. In protte garnalefiskers wiene bliid mei de beheining, en fine it skande dat it nei twa wiken al wer oer is. Ek Nooitgedacht fynt de beheining in duorsume oplossing foar de fiskstân, mar de regels bine him oan hannen en fuotten.
"Der is in kwotum en dêr moatte wy ús oan hâlde. Fange fiskers mear as in bepaald oantal kilo, dan moatte wy de fangst frijjaan." Boppedat riskearret de sektor in grutte boete as se de fangst dêrnei beheine bliuwe. "As wy minder fiskje, is de fangst lytser en bliuwt de garnalepriis dus heech. Dan beynfloedzje wy yn prinsipe de priis", leit Nooitgedacht út. En pear jier lyn krige de garnalefiskers om dy reden ek al in flinke boete, fan 13,8 miljoen euro.