Reinich begjin fan besite Willem-Alexander en Máxima

13 jun 2016 - 12:09

Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima hawwe noch in drok programma foar de boech, mar moandeitemoarn fûnen ûnder grutte belangstelling al ferskate aktiviteiten plak. It keninklik pear bringt moandei in besite oan Noardwest Fryslân en kaam om healwei tsienen hinne oan by it gemeentehûs yn Sint-Anne. Dêr waard it pear ûnder oare ferwolkomme troch boargemaster Krol fan de gemeente It Bilt.

Dêrnei gongen de kening en keninginne op paad nei Campus Middelsee. Kommissaris fan de kening John Jorritsma hold in wolkomstaspraak yn de sintrale hal fan de Campus. Ek brochten Willem-Alexander en Máxima in besite oan it 'Undernimmersplein', mei ferskate stands fan bedriuwen dy't dielnimme oan Campus Middelsee.

''Lytser as op telefyzje''

Foar de learlingen fan 'e Campus wie de besite fan sawol Willem-Alexander as Máxima hiel bysûnder. ''It wie leuk om se ris yn it echt en fan tichteby sjen te kinnen,'' sa sei in learling. ''Mar ik fûn dat se yn it echt wol wat lytser binne as op telefyzje''.

Wier

Krekt nei alve oere stie in besite oan de biologyske tomatekwekerij yn Wier op it programma. It keninklik pear seach yn de kas en prate letter mei wurknimmers fan de tomatekwekerij. ''It gie sa moai as wat,'' sa sei in meiwurker. ''Wy hawwe in soad wurk makke fan de tariedings, it is allinne skande dat it waar in bytsje tsjinsit.''

Programma

Moandeitemiddei stean noch ferskate besiken op it programma. Sa giet in keninklik pear noch nei in wenkompleks yn de gemeente Frjentsjerteradiel, it planetarium fan Eise Eisinga, it keatsfjild en nei Harns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)