Fleanbasis krijt klachten oer fleanbewegingen Loftmachtdagen

13 jun 2016 - 11:26

Der binne yn totaal 61 klachten binnen kaam by de fleanbasis yn Ljouwert oer de fleanbewegingen fan de Loftmachtdagen it ôfrûne wykein. Benammen yn de oanrin op woansdei en tongersdei kamen de measte klachten binnen.

Ut in oersjoch fan de klachten fan de fleanbasis docht bliken dat der benammen betizing wie ûnder de omwenners wêr't de fleantúchen no wol of net fleane mochten, bygelyks boppe de huzen. Dit nei oanlieding fan de crash ôfrûne tongersdei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)