UPDATE: Probleem mei lampepeallen noch net ferholpen

13 jun 2016 - 18:49

De steuring yn de iepenbiere strjitferljochting yn Fryslân is noch altyd net foarby. Dat meldt netbehearder Liander. Op in soad plakken yn de provinsje baarne al de hiele dei de lampepeallen. Dat komt troch in probleem mei it skeakeljen.

Liander wurket oan in oplossing, mar dat sil nei alle gedachten moandei net mear klearkomme. Tiisdei sil fierder wurke wurde oan in oplossing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)