UPDATE: Steuring by draaibrêge Stevinsluzen oplost
Ferkear dat rjochting Fryslân woe, stie moandeitemoarn opnij fêst op de Ofslútdyk. Der wie in steuring yn de draaibrêge oer de Stevinsluzen. Dêrtroch wie de A7 ticht.
De steuring wie om 07.30 oere hinne wer oplost.