Ring foar lytse earrebarren yn Beetstersweach

De lytse earrebarren yn Beetstersweach wurde moandei ringe. Yn de omjouwing fan Beetstersweach binne wol sa'n tritich nêsten. De lytse earrebarren binne no sa'n fjouwer of fiif wiken âld. Om't de measte nêsten heech yn de beammen sitte, sette Freerk Jelsma en Haye Folkertsma fan Eibertsheim yn Earnewâld in heechwurker yn om by de pykjes te kommen. Eibertshiem is in inisjatyf fan ferskate fûgelwachten en hat spesjaal omtinken foar earrebarren.
It ringjen is wichtich, om't Jelsma en Folkertsma de earrebarren sa goed yn de gaten hâlde kinne. Mei de ring kinne se sjen wêr't de fûgels oerwinterje, hokker rûte as se fleane en oft se allegear wer weromkomme nei Fryslân.
It goed neffens de manlju tige goed mei de earrebarren. Guon minsken fine dat it te goed giet, om't de earrebarren de pykjes yn de greide opfrette soenen. Mar dêr wolle Jelsma en Folkertsma neat fan witte.