Tsjummearum wol keningspear ûntfange mei doarpsflaggen

© Omrop Fryslân/ANP
Doarpsbelang Tsjummearum ropt ynwenners op moandei de doarpsflagge út te stekken by de besite fan kening Willem-Alexander en keninginne Máxima. De gasten komme mei de keninlike bus en de rûte moat der feestlik útsjen. De bus riidt oer de Swaerderwei, troch de buorren, oer de Kade en Hegesylsterwei. De oankomst yn it doarp sil nei ferwachting eefkes nei tolve oere middeis wêze.
Willem-Alexander en Máxima binne moandei op wurkbesite yn Noardwest-Fryslân. Yn Nij Bethanië prate se sawat in heal oere mei bewenners en frijwilligers.
Omrop Fryslân docht ferslach fan de keninklike besite.