Automobilist sjocht motor oer de holle by it ôfslaan

12 jun 2016 - 21:42

In motorrider út De Lemmer is snein ferwûne rekke op de strjitte Haskerútgong op It Hearrenfean. Dat meldt de plysje op twitter. In autobestjoerder seach de motor oer de holle doe't er linksôf slaan woe, de strjitte it Turfskip yn. De motor kaam him yn 'e mjitte en moast bot remje om in botsing foar te kommen. Dêrby gie er ûnderút. De motorrider kaam der fan ôf mei lichte ferwûnings.

Plysje Jan Graafsma warskôget motorriders dochs foaral beskermjende klean oan te dwaan, ek al is it waarm. Dat kin skaafplakken foarkomme.

Trefwurden: 
motor It Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)