"Marters en rôffûgels bestride om skries te rêden"

It giet ek dit briedseizoen min mei de skries. Dat sizze it Bûn fan Fryske Fûgelwachten en boeren dy't oan agrarysk natuerbehear dogge. Fan de 6.000 nêsten binne der noch mar 3.000 oer mei piken. En dat tal wurdt hurd minder, neffens it BFVW. Predatoaren lykas marterachtigen en rôffûgels frette te folle op, sjogge se yn de praktyk.
Alle belanghawwenden soene om 'e tafel moatte om in oplossing te finen. Ien fan de oplossings is mear romte foar bestriding fan die marterachtigen of rôffûgels troch it lekprippen fan aaien.
Dêrfoar moatte ûntheffings komme op de floara- en faunawet. Mar dat is net sa ienfâldich, omdat dat op in soad wjerstân rekkenje kin. Dat kin sels útrinne op in rjochtsaak dêr't de rjochter it lêste wurd hat.