Tjisse Steenstra-en-dy winne keatsen yn Stiens

12 jun 2016 - 18:02

Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Cornelis Terpstra hawwe snein it haadklassekeatsen frije formaasje yn Stiens wûn. Yn de spannende finale fersloegen se Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger mei 5-5 en 6-4. It wie in wedstriid mei in soad boppeslaggen. Tredde waard it partuer Johan van der Meulen, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra.

Tjisse Steenstra waard ta kening fan de partij útroppen. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)