Nije bisten ûntdekke op soartedei yn Ljouwerter Bosk

12 jun 2016 - 15:41

Yn de Ljouwerter Bosk hawwe saakkundigen en amateurs snein om nije bistesoarten socht. It Natuermuseum Fryslân organisearret dat foar de fyfde kear. Ea is de soartedei begûn om út te finen wat der yn oanplante bosk libbet. It gebiet is no aardich yn kaart brocht. No is it doel fan de dei ek minsken by de natuer te belûken.

De earsten stiene sneintemoarn om njoggen oere klear om mei in saakkundige op 'en paad te gean. Sa koene se op fûgelekskurzje, mar ek mei in netsje achter libben ûnder wetter oan. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)