Bouwmeester wint wrâldbekerwedstriden yn Weymouth

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten hat snein de wrâldbekerwedstriden fan Weymouth (Ingelân) yn de Laser Radial wûn. Se stie sûnt freed al boppe-oan yn it klassemint. Yn de ôfslutende wedstriid fan snein, de medaljerace, kaam Bouwmeester snein as tsiende en lêste binnen, mar se bliuwt dochs oan kop. De slotrace waard wûn troch Olympysk kampioene Lijia Xu út Sina. Dêrtroch einiget dy as twadde.
Bouwmeester wûn ferline jier ek al de wrâldbekerwedstriden fan Weymouth.