Foar de Alvestêdehal begjint de winter mei simmeriis

12 jun 2016 - 11:52

De Alvestêdehal fan Ljouwert is fan moandei ôf iepen foar reedriders. De ôfrûne wiken binne de kuolmasines wer oansetten, sadat der wer riden wurde kin. Moandei komme de earste reedrydteams om te trainen, dat binne de teams fan Plantina mei de bruorren Mulder en Jesper Hospes, Lotto-Jumbo mei Sven Kramer en Douwe de Vries en team Clafis fan Jorrit en Heather Bergsma.

Op Thialf lei oars altyd simmeriis, mar dêr wurdt no drok boud, dus krige de Alvestêdehal it fersyk oft sy simmeriis leverje koene.

Foar de rekreative riders giet de hal wer iepen op 1 july.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)