Keatsen yn Damwâld is proai foar partoer Tjissse Steenstra

12 jun 2016 - 08:29

It haadklassekeatsen yn Damwâld is sneon wûn troch it partoer fan Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Cornelis Terpstra. It winnende partoer stuts mei kop en skouders út boppe de rest fan it fjild, mei Tjisse Steenstra as grutte útblinker. It winnende partoer hie yn de earste omloop it measte wurk fan de partij tsjin it partoer fan Johan van der Meulen, se wûnen úteinlik mei 5-4 en 6-6.

Yn de twadde omloop weefden se mei 5-2 en 6-0 ôf mei it partoer fan Enno Kingma en de finale tsjin Menno van Zwieten waard in formaliteit: 5-1 en 6-0.

It winnende partoer hie yn de earste omloop it measte wurk fan de partij tsjin it partoer fan Johan van der Meulen, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra, se wûnen úteinlik mei 5-4 en 6-6, foaral omdat it perk neat wurde koe mei de opslachballen fan Steenstra. It folsleine ferslach en ek oar keatsnijs is te finen op de webside fan kaatsnieuws.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)