Hynder ferdrinkt by ûngelok mei fjouwerspan by Britswert
By Britswert hat sneontemiddei in ûngelok west mei in fjouwerspan mei fjouwer Fryske hynders. It fjouwerspan rekke te wetter, de menners kamen mei de skrik frij, mar ien fan de fjouwer hynders is by it ûngelok ferdronken.