Advys: Gean wat earder fuort fan fleanbasis fanwege drokte

11 jun 2016 - 16:29

De organisaasje fan de Loftmachtdagen yn Ljouwert jout besikers it advys om op 'e tiid fuort te gean. It is tige drok op de Fleanbasis Ljouwert. Foar in soad besikers wie it in toer om der te kommen, en no wurdt der ek in soad drokte ferwachte nei ôfrîn. De fleanshows gean troch oant sawat fiif oere. De aktiviteiten op de grûn gean wat langer troch.

Der wurdt in soad drokte ferwachte by de opstapplakken fan de pindelbussen. Definsje ropt automobilisten op om in parkearstikker te keapjen. Dat slút mear opûnthâld by it fuortgean út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)