Undúdlik oft crashfleantúch wol of net burgen wurdt

11 jun 2016 - 13:36

It is noch net dúdlik oft it wrak fan de delstoarten Switserske F-5 by Bitgum wol of net burgen wurde sil. Dat seit boargemaster Van Mourik fan Menameradiel. Hy hat mei basiskommadant Denny Traas in besite brocht oan de famylje, dy't yn it hús wennet, dêr't it tastel flakby delkaam.

De skea dy't ûntstie doe't de piloat mei syn sjitstoel troch it dak fan de kas foel is yntusken makke. Neffens Van Mourik hat de bedriuwsfiering fan de kas gjin lêst hân fan de crash.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)